Tip:
Highlight text to annotate it
X
Hoi allegear. Ik haw in protte reaksjes op myn fideo's krigen.
De measten wienen freonlik, tige tank derfoar.
Fansels wienen guon minsken net sa freonlik. Guon woenen my wol dea hawwe.
Ik bin mei geweld bedrige en der binne allegear kreative skelnammen foar my betocht.
Minsken ha dúdlik in soad fantasy, dat sjogge wy wol oan de bibel.
Der wie in man dy't it hieltyd oer poepgatten en klok-en-hammerspullen hie.
Ik tink dat er fereale wie op Jezus.
Guon neamden my sels anty-Amerikaansk. Sawat doms haw ik noch noait heard.
Dat nim ik werom. "Intelligent design" is noch dommer,
mar dy opmerking is net folle tûker.
Nee, ik bin net anty-Amerikaansk. Ik bin anty-dom, anty-dôfhûdich en anty-kwezel.
Foar in domme, dôfhûdige kwezel is dat miskien itselde as anty-Amerikaansk,
mar ik tink dat tûke minsken it as tige pro-Amerikaansk beskôgje.
Wol fyn ik it spitich dat Amearika en Ingelân in misdiedich regear hawwe,
mar dêr is net folle oan te dwaan, omdat wy yn in demokrasy libje.
Wat kin men dwaan? Stimme? No, in soad sukses!
Nee, ik meitsje my mear soargen oer de Amerikaanske ferhâlding mei God, want dy is net basearre op wat echts,
wylst de gefolgen derfan mar al te echt binne, foar elkenien op ierde. Dus ek foar my.
Miskien bin ik wat sinnich, mar ik fyn dat ien dy't nei de himel ferlanget,
net geskikt is om baas fan in lân te wêzen. Yn de Feriene Steaten fan Jezus
krûpt in kamiel noch earder troch de oes fan in nulle as dat in ateïst presidint wurdt.
De Amerikanen wolle in nijberne kristen as presidint,
sels as it in grutte ûnnoazelsma is.
Yn it "frije" Amearika fan de 21e ieu moatst leauwe dat Jezus Kristus út de dea ferriisd is
en dat er nei de himel opfearn is en dat wy dêr ek allegear hinne geane
sa gau as wy in ein oan de wrâld makke ha.
Leaust dat net, dan wurdst net yn iepenbiere tsjinst beneamd.
Dêrom is der yn it Wite Hûs en it Pentagon alle dagen fraachlearen.
Op dy twa plakken is elkenien saakkundige op it mêd fan de bibel.
Se witte allegear wa't by wa lei, wa't de bern wienen, wa't hokker wurden sei,
mar se witte net wêr't Italië leit.
Mar miskien is dat net slim. Miskien is it ek net slim dat 45 persint fan de Republikeinen
sizze dat se nijberne kristenen binne, wylst dat net as skelwurd bedoeld is.
Miskien is it ek net slim dat de âlde Bush ateïsten net as boargers beskôget
of dat in soad ynwenners fan it modernste lân op 'e wrâld net wolle dat leararen de evolúsjelear ûnderwize.
Se leauwe nammentlik dat de ierde seis tûzen jier âld is,
in bytsje nijer noch as it tsjil dus.
Se leauwe dat minsken en dinosaurussen tagelyk libben, krekt as by de Flintstones.
Dat is wol tapaslik, want Amearika liket op in dinosaurus:
in grut, krêftich beest mei in bedroefd bytsje harsens.
Myn heitelân, Grut-Brittanië, is lytser, mar syn harsens binne like lyts.
De harsens fan beide bisten lykje op twa earten en je sjogge der gjin ferskil tusken.
Dat, as ik anty-Amerikaansk bin, dan bin ik ek anty-Britsk. Ik bin nammentlik anty-dom.
En ja, ik bin dus ek tsjin elkenien dy't Amearika as "ien naasje ûnder God" beskôget,
wylst dy spreuk troch fanatike kristenen betocht is
en tsjin elkenien dy't "In God we trust" as Amerikaansk biedwurd sjocht
wylst fanatike kristenen de tekst op it Amerikaanske jild kaapt hawwe.
Amearika is hielendal net "ien naasje ûnder God". It is in naasje ûnder in tsjoen.
Noch efkes en sokke lju wolle in krús op de Amerikaanske flage hawwe.
Dat klinkt as in grap, mar dat is it net.
It iroanyske is fansels dat it hiel oars wêze soe as Jezus Kristus presidint fan Amearika wie.
Mar dat is in dream, want Jezus soe noait de ferkiezingen winne.
Hoefolle rjochtse kristenen soenen op in progressive Joad stimme?
Dan binne der noch mear Jehovah's Tsjûgen dy't bloed ôfstean wolle.
Jezus komt út it Midden-Easten en sjocht derút as in hippy. De konservative media soenen him krusigje
as er teminsten net al oppakt wie foar terrorisme.
It Amearika fan hjoed de dei is nei alle gedachten krekt wat te kristlik foar Jezus.
Mar ik ha goede hoop dat dêr feroaring yn komt, want ik hâld fan Amearika en de Amerikaanske idealen.
Ik bedoel de idealen út de tiid dat Amearika net kaapt wie troch radikale kristenen.
En ik bin der wis fan dat as elkenien libje soe neffens de begjinsels fan de Amerikaanske revolúsje,
dat de hiele wrâld dan in stik beskaafder wurde soe.
Op it heden is it allegear gaos. De wrâld smoart yn in wolk fan religieuze dogma's.
Wêr'tst ek sjochst, yn Yndia, yn it Midden-Easten, yn Afrika
of yn de takomstige islamtyske republyk Europa, djip fan binnen witst
dat as Amearika ús net út de midsieuwen liedt, net ien dat docht.
Dêrom is der gjin minske op ierde dy't pro-Amerikaansker is as ik.
Tige tank en frede, foaral foar de Amerikanen.